blomkepartij wer in sukses, sjoch ek it fotoalbum!

It gêrs wie moai meand, de linen leinen der strak yn en de sinne stie oan in strak blauwe loft, no wat wolle jo noch mear. Wy hienen in moaie list foar de earste ledepartij dit seizoen en fansels gebak. Mei de frijwilligers fan de Wjukken wie ôfpraat dat we y.f.m 4 maaie om seis oere klear wêze soenen, no dat slagge mar krekt. Troch it steande nûmer op de list en omdat Lieuwe en Meinte keallerij hienen duorre it allegear krekt efkes langer mar kertier foar seisen wienen de prizen der út.

By de froulju wie de earste priis foar Anke Koldijk en Hilda Dolstra, de twadde foar Anneke vd Sluis en Sjoukje Cnossen en de tredde foar Maaike Kuipers en Hendrika Reitsma. By de manlju gong de krâns nei Jan Reitsma, Albert Reitsema en Jurriaan Hoekstra, de twadde wie hjir foar Anne Terpstra, Hans de Boer en Menno Bonekamp en de tredde priis foar Johannes de Jong, Pieter vd Veen en Ynte vd Veen.

Geplaatst op 04 May 2008